18 Brievebussen Ljouwert fuort

18 jun 2014 - 16:04
  • Brievebus wurdt leechhelle

PostNL hellet 18 brievebussen fuort út Ljouwert. De organisaasje docht dat omdat der te min gebrûk fan makke wurdt. Sjauffeurs dy't de bussen leegje, ride dêrtroch faak foar neat. Neidat de brievebussen fuorthelle binne, bliuwe der noch 73 oer yn Ljouwert. Mooglik dat in diel dêrfan in oare lokaasje krijt, se komme dan op plakken dêr't mear minsken lâns komme. Omwenners wurde troch PostNL ynformeard oer de maatregel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)