17e Leijenloop yn De Pein

22 jun 2003 - 00:00

De 17e Leijenloop waard sneon yn De Pein ferrûn. Sa's 200 dielnimmers diene mei oan ferskate ôfstannen, wêrûnder 5, 12 en 21 km. It trajekt rûn om de mar de Leijen. De waarsomstannichheden wiene dit jier ideaal.

Fanôf de start waard in kopgroep foarme troch fjouwer rinners: René van Kaam, Jacob v.d. Leij, Dick Gelderblom en Remco Oost. Nei sa'n 5 km namen Oost en Van Kaam ôfstân fan de oaren. Van Kaam demarrearre by 8 km en wûn mei 1.16,09.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)