Langer foararrest yn moardsaak

03 des 2012 - 15:52

De man dy't fertocht wurdt fan 'e moard op Marijke Heijltjes yn Easterwâlde bliuwt yn alle gefallen noch fjirtjin dagen fêstsitten. Dat hat justysje besletten. De man (37), sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, waard ein novimber oanhâlden. Hy wurdt der fan fertocht dat hy heal septimber de 67-jierrige Heijltjes yn har wenning oan de Klazingawei om it libben brocht hat.

De man waard oanhâlden nei stellerij út in winkel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)