Friezen rynsk by kollektes

03 des 2012 - 15:18
  • Friezen jouwe mear as ynwenners fan oare provinsjes

Fryske húshâldens wiene it ôfrûne jier yn Nederlân op 'e nij it meast royaal bij kollektes. Yn Fryslân waard ferline jier yn trochsneed 11,10 euro yn de kollektebus dien. Dat docht bliken út sifers fan it Centraal Bureau Fondsenwerving.

Neffens in wurdfierder jouwe provinsjes mei lytse gemeenten it meast. Mei 5 euro 31 wie yn Limboarch de opbringst by kollektes it leechste fan Nederlân. Fan alle gemeenten jouwe de ynwenners fan Urk it measte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)