'Mar bytsje Fryske PGB-fraude'

03 des 2012 - 15:01

Der wurdt kwalik fraudeard mei PGB's yn Fryslân, seit Zorgkantoor Friesland. Dizze ynstelling regelet de Persoons Gebonden Budgetten yn Fryslân. Mei dit budzjet kinne minsken har eigen soarch ynkeapje. Ut ûndersyk blykt dat yn Nederlân foar tsientallen miljoenen mei PGB's fraudeard is.

Yn Fryslân hawwe 7.000 minsken in PGB. Neffens it Zorgkantoor is der trije kear in fraudegefal ûntdutsen. It kantoar docht standaard gjin saken mei bemiddelingsburo's, mar makket it jild streekrjocht oer nei de budzjethâlders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)