S. woansdei wer foar rjochter

03 des 2012 - 11:35

Jasper S.(45) út Aldwâld, de fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra, moat woansdei op 'e nij foar de rjochter komme. De riedkeamer beslút dan oer it ferlingen fan syn foararrest mei 30 oant maksimaal 90 dagen.

Jasper S. waard op 18 novimber oanholden. Op 22 novimber naam de rjochter-kommissaris it beslút om S. 14 dagen langer yn beperking fêst te setten. Dat betsjut dat er gjin kontakt ha mei mei de bûtenwrâld, allinnich mei syn advokaat. De riedkeamer bestiet út trije rjochters en beslist allinnich oer it ferlingen fan it foararrest.

De saak wurdt net ynhâldlik behannele. De fertochte is ek net ferplichte om der sels by te wêzen.

Trefwurden: 
Vaatstra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)