Man lûkt himsels ôf yn 'e auto

03 des 2012 - 10:51
  • Oanhâlden

De plysje hat sneintemiddei in Harkyt (23) oanhâlden op fertinking fan it skeinen fan 'e earberens. In plysjefrou kaam de man tsjin by Blauforlaet doe't sy yn har frij tiid oan it hurdrinnen wie. De man wie doe dwaande om himsels ôf te lûken yn syn auto.

De frou hat it kenteken trochjûn oan har kollega's. Dy hawwe de man oanslutend by him thús oanhâlden. De plysje ûndersiket de saak. De plysje sil de man ek wize op de mooglikheid om help te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)