Dronken automobilist pakt

03 des 2012 - 08:33

In 65-jierrige automobilist fan It Hearrenfean moast snein syn rydbewiis ynleverje omdat er mei drank op achter it stjoer siet. De man wie op de Hege Dyk yn Sint Jânsgea mei syn auto fan de dyk rekke en tsjin twa beammen botst. Omdat de plysje it idee hie dat er dronken hie, moast er mei nei it buro.

Dêr die bliken dat er yndie flink wat drank op hie. Syn rydbewiis waard ynnaam en de man krige proses-ferbaal.

Trefwurden: 
plysje dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)