Mesu wint syn earste maraton

02 des 2012 - 15:40
  • Niels Mesu, KPN Marathon Cup, Assen

Niels Mesu, wenjend yn Tsjalbert, hat sneon foar it earst in maraton yn de top divyzje op syn namme skreaun. Yn de einsprint op it iis fan de Bonte Wever yn Assen wie Mesu krekt wat rapper as Bart de Vries fan Eesveen en Ingmar Berga fan Hoogeveen. Crispijn Ariëns fan Wolvegea einige as 9e en bliuwt lieder yn it tuskenklassemint.

By de froulju wie Foske Tamar van der Wal as fanâlds wer de bêste. Manon Kamminga fan It Hearrenfean einige as twadde.

Elma de Vries is de nije liedster yn it klassemint. Yn Assen waard de âld-Haulster fiifde en dat smiet genôch punten op om it liederspak oer te nimmen fan Rixt Meijer. Meijer koe net meidwaan yn Assen omdat se de 5 km by de wrâldbeker yn Astana ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)