Brûns froulju op achterfolging

02 des 2012 - 15:11
  • Team Nederlân pakte sulver op Thialf

Marrit Leenstra hat mei Diana Valkenburg en Linda de Vries it brûns pakt op de ploegeachterfolging by de wrâldbekerwedstriden. Yn Astana sette it trijetal in tiid fan 3.00.71 op it boerd. Dêrmei kaam Nederlân krekt te koart foar it sulver, dat nei Súd-Koreä gong (3.00.55). It goud wie foar Kanada, wêr't Ivanie Blondin, Christine Nesbitt en Brittany Schussler in winnende tiid fan 2.58.40 klokten.

Dútslân twa wike lyn noch de bêste yn Thialf waard teloarstellend sechsde mei in tiid fan 3.03.52.

Yn it wrâldbekerklassemint steane de Nederlânkse froulju op it twadde plak mei 150 punten. Kanada giet oan de lieding mei 170 punten. Dútslân stiet tredde en sammele 145 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)