Oerlêst troch wiete snie

02 des 2012 - 15:10

Moandei kin it ferkear lêst krije fan wiete snie. Yn de nacht fan snein op moandei friest it licht. De nije wike begjint mei in gebiet fan (wiete) snie dat yn de rin fan de dei oergiet yn rein. De rein komt út it westen wei opsetten en leit om it middeisoere hinne by de Iselmar. Eastlik dêrfan falt dan noch snie.

Waarman Piet Paulusma warskôget alle ferkearsdielnimmers derfoar dat it moandei glêd wêze kin op de dyk. Ek is der min sicht en der is in krêftige wyn út súdeast oant west.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)