Fernielers Lippenhuzen pakt

© Omrop Fryslân
Twa jonges (17) binne sneontenacht yn Lippenhuzen oanhâlden om't se de ruten fan in bushokje yn har wenplak fernield hienen. De plysje seach by de Trijehoek dat yn de ruten grutte stjerren sieten. Achter it bushokje stienen de jonges. Ien fan har bekende dat er mei in stien de skea feroarsake hie. De oare hie swier fjoerwurk by him. Dat is yn beslach naam. It duo is foar ûndersyk nei it buro meinaam.