Aris yn eigen hûs hurd ûnderút

02 des 2012 - 14:20

De basketballers fan Aris ha sneon yn eigen hûs mei 60-98 ferlern fan Den Bosch. Yn sporthal It Kealledykje kaam Aris der net oan te pas. Nei it earste kwart stie der in ôftekene tuskenstân fan 5-27 op it boerd. Yn it twadde kwart skoarde de doelpuntemasjine út Den Bosch ûnferstoarber fierder. Aris socht by in 21-49 efterstân de klaaihokken op.

Ek nei it skoft wie Den Bosch hear en master. Op ienfâldige wize wreiden de gasten de foarsprong út nei 36-79. It lêste kwart wie foar de Ljouwerters, mar de skea koe net mear ynhelle wurde.

Mei 10 punten út 11 wedstriden stiet Aris op it sechsde plak. Leiden giet noch altyd oan kop mei 20 punten út in wedstriid mear. Op it twadde plak stiet Den Bosch mei 18 punten út 11 wedstriden.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)