Brasspriis foar Jan de Haan

Jan de Haan © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Komponist Jan de Haan út Warns hat sneon de Buma Brass Award krigen op it NBK yn Grins. Ek de Ingelske komponist Martin Ellerby krige deselde priis. Se krije de priis fanwege har bysûndere fertsjinsten foar de blaasmuzyk yn Nederlân en dêrbûten. De priis is in inisjatyf fan Brass Info Management en is dit jier foar de fyfde kear útrikt.
Op de Nederlânske Brassband Kampioenskippen waard brassband Schoonhoven kampioen.