Man botst tsjin beam

02 des 2012 - 12:28

In automobilist (31) út Houtigehage is sneontejûn let ferwûne rekke by in iensidich ûngelok yn De Rottefalle. Yn in flauwe bocht rekke er de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin de beam. De wein kaam op de kant ta stilstân. De brânwacht hat de man út de auto helle. Hy is nei it sikehûs yn Drachten brocht. Der is in bloedproef ôfnaam om't de plysje it idee hie dat er dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen en hy hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)