Leenstra ferliest fan Nesbitt

02 des 2012 - 11:19

Marrit Leenstra út Wikel is snein twadde wurden op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Astana. Se slagge der net yn Christine Nesbitt te ferslaan. Dy einige yn in tiid fan 1.57,18, wylst Leenstra 1.57,29 ried. Linda de Vries waard tredde.

Nesbitt hat troch har earste plak de lieding yn it klassemint om de wrâldbeker. Leenstra en Nesbitt strieden al faker om it earste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)