Wer Olympyske nominaasje Knegt

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Shorttracker Sjinkie Knegt hat snein mei it winnen fan in brûnzen medailje op de 1.500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn Japan in twadde Olympyske nominaasje binnen helle. Earder die de ynwenner fan Bantegea dat ek al op de 500 meter. Knegt moast him by de earste acht pleatse om de Olympyske nominaasje te heljen, mei it tredde plak slagge dat ryklik.
Neist brûns helle Knegt snein yn Japan ek sulver. Dat die er mei Daan Breeuwsma, Niels Kerstholt en Freek van der Wart op de 5.000 meter ôflossing.