Plysje pakt 34 Friezen op

02 des 2012 - 08:58
  • Plysje

De plysje yn Fryslân en Grinslân hat sneon 51 minsken oppakt, by in aksje tsjin ynwenners dy't noch in iepensteande boete hiene of in finzenisstraf útsitte moasten. Yn Fryslân gie de plysje op besite by 180 minsken, 34 fan har waarden dêrby oppakt. Ien fan har moast noch in finzenisstraf fan 142 dagen útsitte. Yn Grinslân waarden 17 fan de 86 besochte ynwenners meinaam.

Der waard foar goed 35.000 euro oan iepensteande boetes ynbard. Trije fan de meinommen minsken waarden letter wer frijlitten, omdat se har boete as noch betellen.

De plysje waard by de aksje holpen troch justysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)