Brassband Schoonhoven kampioen

Yn in bomfolle MartiniPlaza yn Grins is sneon brassband Schoonhoven opnij Nederlânsk kampioen wurden. De band helle ûnder lieding fan Erik Janssen 93 punten op it ferplichte wurk 'Electra' fan de Ingelske komponist Martin Ellerby. It twadde plak mei ien punt minder wie foar brassband De Wâldsang fan Bûtenpost mei dirigint Rieks van der Velde.
Yn de 2e divyzje gong de winst foar de fjirde kear efter elkoar nei brassband Excelsior fan Ferwert. Yn de 3e divyzje wie it earste plak foar brassband Gloria Deï fan Gerkeskleaster-Strobos en yn de 4e divyzje helle brassband Halleluja fan Menaam de kampioenstitel.