Pynlik ferlies SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hat mei 3-1 ferlern fan de nûmer lêst Willem II. Fia Misidjan kamen de Tilburgers nei in dik kertier op 1-0. Yn de 70ste minút makke Hearrenfeanspits Finnbogason de lykmakker en syn alfde doelpunt. Troch in ôfstânskot fan Mulder kaam Willem II wer op foarsprong. In frustrearde Gouweleeuw makke in pittige oertreding en krige dêrfoar read. Yn de einfaze skoarde Joachim noch de beslissende 3-1.
SC Hearrenfean bliuwt trettjinde, mar it gat mei de nûmer 18 Willem II is noch mar fjouwer punten.