Priis foar Michaëlskoalle

01 des 2012 - 16:52
  • In eardere útrikking fan de Vredeman de Vries Priis
  • Michaelskoalle eksterieur

De Michaëlskoalle yn Ljouwert hat dit jier de Vredeman de Vriespriis wûn. Fjouwer nominearren út 59 ynstjoerings wienen yn de race foar de priis. De oare gadingmakkers wienen it nije besikerssintrum by it Woudagemaal op 'e Lemmer, it nije provinsjehûs yn Ljouwert en in wenhûs yn Aldebiltsyl. De Michaëlskoalle is in ûntwerp fan Allart Vogelzang fan buro Onix út Grins. De provinsjale Vredeman de Vriespriis wurdt sûnt 2000 útrikt, om en om foar arsjitektuer en foarmjouwing.

De winner krijt 5000 euro en in oarkonde. De sjuery wie unanym en skriuwt yn it rapport dat de arsjitekt respekt toant foar de ûnderwiisfyzje fan de Vrije School en priizget de romte fan de opdrachtjouwer oan de ûntwerper foar in ynterpretaasje fan de foarmetaal. It arsjitekteburo Onix hopet troch it winnen fan de Vredeman de Vriespriis mear opdrachten te krijen. By de priisútrikking is ek de LC-sjuerypriis útrikt. Dy gie nei VNL-arsjitekten út Grou foar it ûntwerp fan de útwreiding fan in wenhûs oan de Fioringras yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)