ONS pakt swierbefochten punt

01 des 2012 - 16:39
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits hat sneon in swierbefochten punt pakt yn de topper tsjin de nûmer 2 DVS '33. Yn Ermelo einige de spannende thriller yn 2-2. Lang liken de Snitsers djoere punten te ferspyljen, doe't flak foar tiid in 2-1 stân foar de thúsploech op it boerd stie. In stân dy't sjoen it spul fertsjinne wie. DVS '33 krige fierwei de bêste kânsen en sette dy nei rêst om yn in 2-0 foarsprong.

Yn in spannende einfaze tekene Sandor van der Heide fan 11 meter foar de 2-1. Djip yn blessueretiid wie it úteinlik Chris de Wagt dy't it punt binnen helle.

Troch it lykspul behâldt de ploech fan trainer Jan Vlap de kopposysje yn de haadklasse C. Mei 25 punten út 12 wedstriden stiet ONS fjouwer punten los fan de nûmer twa DVS '33.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)