Yldau klear foar Liet

Yn Asturië yn Spanje is sneontejûn Liet International mei alve dielnimmers. Op dit sjongfestival fan Europeeske minderheidstalen wurdt Fryslân fertsjintwurdige troch de band Yldau. Se wûnen Liet mei it ferske Fjoer. Oare dielnimmers komme ûnder oare út Baskelân, Kataloanië en Skotlân.
Liet International is live te folgjen op ynternet op de webside www.rtpa.es fan sneontejûn 21.15 oere ôf. Dan kin ek stimd wurde foar de publykspriis.
Mear ynformaasje oer it festival is te finen op: http://liet-international.com/