Topdrokte foar Sinteklaas

01 des 2012 - 12:39

Foar in soad Fryske winkellju is de sneon foar Sinteklaas de drokste dei fan it jier. Yn it lêste wykein foar it feest keapje in soad Friezen noch gau har lêste kado's. Guon winkels sette dêrom ekstra personiel yn en boppedat wurdt langer trochwurke. Neffens de ûndernimmers is de sneon foar 5 desimber sa'n 30 prosint drokker as oare sneonen. Ek begjin nije wike wurde noch in soad ekstra klanten ferwachte, om't Sinteklaas dit jier op in woansdei falt.

Nettsjinsteande de drokte treft de ekonomyske krisis ek Sinteklaas. Winkellju fernimme dat der minder grutte en djoere kado's kocht wurde as oare jierren. Yn Dokkum en omkriten hat de Sint sels de help fan 'e ynwenners ynroppen om kadootjes by him te bringen. Dy binne dan spesjaal foar de 200 bern dy't oanwiisd binne op de Voedselbank.

Trefwurden: 
Sinteklaasfeest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)