'Plan KH2018 net goed genôch'

De plannen fan Ljouwert om de titel fan Kulturele Haadstêd binnen te heljen, binne noch lang net goed genôch. Dat seit fraksjefoarsitter Harry van der Molen fan it CDA. De sjuery makke freed bekend dat Ljouwert trochgiet nei de folgjende ronde, mei Maastricht en Eindhoven. It CDA yn de gemeenteried wie lang kritysk oer de plannen fan Ljouwert en stimde úteinlik ferdield. Van der Molen is bliid dat Ljouwert in ronde fierder is, mar tinkt dat it noch in hiele toer wurdt om fan Maastricht te winnen.