CU noed oer staasjejild

01 des 2012 - 11:17

De fraksje fan de ChristenUnie yn de gemeente Ljouwert is bang dat mei it ôfskaffen fan it staasjejild der noch mear ôffal omtoarkje sil. De kosten fan it oprêden komme dan del op de gemeente. De ferpakkingsyndustry, it ministearje en gemeenten prate al langer oer it ôfskaffen fan it staasjejild op PET-flessen, mar it is noch net dúdlik wannear't de regel yngean sil. De ChristenUnie stelt dat de skieding fan ôffal hieltyd belangriker wurdt en dêr heart it staasjejildsysteem ek by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)