Jonges ride 45km-auto yn sleat

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje hat freedtenacht by Drylts fjouwer jongeren oanhâlden nei't se mei in 45 kilometer-auto it wetter ynriden wiene. Doe't de plysje oankaam, stiene de jongeren al wer op 'e kant. Se woenen net fertelle wa fan har ried en dêrom hat de plysje se allegearre meinaam nei it buro. Dêr die út in blaastest bliken dat se tefolle dronken hiene. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke en yn de rin fan de nacht binne se wer frijlitten. It giet om twa jonges út Drylts en twa jonges út Snits. Se wienen 17 en 18 jier.