Iisstriid foar nierstichting

Op Thialf en 14 oare iisbanen begjint sneon in aksje om jild yn te sammeljen foar de Nierstichting. De stichting neamt dat sels 'Iisstriid' en it doel is dat de dielnimmers de kommende twa wiken safolle mooglik rûntsjes ride en har dêrby sponsorje litte.
Se krije dêrfoar fan de nierstchfting in transponder op de redens, sadat letter ek maklik te sjen is hoefolle kilometer se makke hawwe