Ljouwert troch yn race KH2018

30 nov 2012 - 16:04

Ljouwert is noch hieltyd yn de race foar de titel Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Dit waard fannemiddei yn Amsterdam bekendmakke. In sjuery mei fertsjinwurdigers út it Europeeske en Nederlânske kulturele fjild keazen neist Ljouwert ek foar Eindhoven en Maastricht. Hjirmei falle Utrecht en Den Haach ôf.

De steden hawwe ein oktober allegearre in bidbook mei har plannen ynlevere. Ein takom jier wurdt ien fan dy trije foardroegen oan de minister fan Kultuer as Europeeske Kulturele Haadstêd 2018.

Trefwurden: 
Ljouwert polityk kultuer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)