Brân by Jumbo Boalsert
Yn de Jumbo-supermerk yn Boalsert hat freed oan it begjin fan de middei koarte tiid brân west. Ien fan de ovens wurke net goed en fleach yn brân.
Fanwege de reek moasten de klanten nei bûten ta. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. De winkel rûn lichte reek- en wetterskea op, mar gie yn de rin fan de middei wer iepen.