IIshal Ljouwert: 17 miljoen

30 nov 2012 - 15:05

De nije iishal fan Ljouwert kin foar hast 17 miljoen euro boud wurde op it plak fan it eardere Philipsfabryk. Mei de ûntwikkeling fan it gebiet der omhinne komme de kosten op sa'n 30 miljoen euro. Dat is freed bekend makke troch de direksje fan de iishal.

De hal moat op 1 jannewaris 2014 klear wêze en wurdt enerzjyneutraal. De direksje hat de plannen no bekend makke om't provinsjale steaten nije wike oer de nijbou fan Thialf prate. De plannen yn Ljouwert wurde dêryn meinaam. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)