Fryslân Milenniumprovinsje

30 nov 2012 - 14:57

De provinsje hat freed de titel milenniumprovinsje krigen. Dat karmerk jout oan dat Fryslân syn bêst docht om milenniumdoelen te heljen. Sa wol de provinsje him ynsette foar it ûnderwiis foar alle bern, in ôfname fan de bernestjerte en it útbannen fan earmoede.

It karmerk is in inisjiatyf fan de Raad van Bezieling van het Millennium Netwerk. Fryslân is de earste provinsje dy't it karmerk krijt. Der binne yn Fryslân al wol 14 Milenniumgemeenten. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)