Wyldpisser moat nei sikehûs

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In 62-jierrige Snitser is tongersdeitejûn yn it sikehûs bedarre om't hy him fersette tsjin syn oanhâlding. In plysjeman seach dat de man op de Prins Hendrikkade oan it wyldpisjen wie. Hy woe de man in bekeuring jaan, mar dy naaide út.
Doe't de plysjeman him steande hâlde, kaam de wyldpisser te fallen. Hy bleau him fersetten tsjin syn oanhâlding, mar waard meinaam nei it plysjeburo. Der krige hy in bekeuring. Om't hy klage oer pine yn de heup is hy nei it sikehûs brocht.