Twa wizigings Hearrenfean

30 nov 2012 - 13:55

Trainer Marco van Basten bringt twa wizigings oan yn syn opstelling foar de wedstriid fan kommende sneon tsjin Willem II. Marten de Roon krijt op it middenfjild de foarkar boppe Marecek, wylst Marco Pappa in basisplak hat ten koste fan Daniel de Ridder. Ek Gianni Zuiverloon hat noch altyd in basisplak, wêrtroch de wer fitte Pelé van Anholt op de bank begjint. Nei trije wedstriden fan ôfwêzigens is keeper Kristoffer Nordfeldt wer fit, sadat Vandenbussche wer op de bank plak nimt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)