Fertochte Heijltjes winkeldief

30 nov 2012 - 13:54
  • Justysje

De plysje kaam de fertochte yn de saak Heijltjes op it spoar trochdat er dizze wike oppakt waard foar winkelstellerij. De plysje krige it fermoeden dat de 37-jierrige man sûnder fêst wenplak te krijen hie mei de gewelddiedige dea fan Marijke Heijltjes en hat him dêrom tongersdei opnij oppakt.  

De man sit fêst en wurdt heard. Moandei wurdt er foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De 67-jierrige Marijke Heijltjes waard mids septimber dea fûn yn har hûs oan de Klazingawei yn Easterwâlde. It misdriuw soarge foar in soad ûnrêst. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)