"Hâld Frysk yn 'e gaten"

30 nov 2012 - 12:00
  • Fryske flagge

Minister Plasterk fan ynlânske saken hâldt yn de gaten hoe't it komt mei it Frysk by gemeentlike weryndielingen. Dat skriuwt de minister yn in brief oan it Konsultatyf Orgaan foar it Frysk.

Dy ynstânsje rapportearret yn opdracht fan Europa oan de minister oer it ferlet en de winsken op it mêd fan it Frysk. Omdat it KO fynt dat der by weryndielings goed sjoen wurde moat nei hoe't de gemeenten omgean mei it Frysk, hat dy dat oankaarte by de minister. Plasterk seit dat soks it foech is fan de gemeenten, mar hy sil der persoanlik ek op tasjen. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)