Oanhâlding moardsaak Heijltjes

De plysje hat in man fan 37 sûnder fêst wenplak oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de dea fan Marijke Heijltjes fan Easterwâlde. De 67-jierrige frou waard mids septimber dea fûn yn har hûs. De man is tongersdeitejûn oppakt en hy wurdt moandei foarlaat oan de rjochter- kommissaris.
It ûndersyk yn de saak is yn folle gong. Op ferskate plakken yn Easterwâlde en omkriten wurdt op dit stuit hússiking dien.