Hanneler yn drugs oanhâlden

30 nov 2012 - 09:50

De plysje hat tongersdeitejûn op de Oosterkade yn Ljouwert in 24-jierrige ynwenner fan dy stêd oanhâlden foar de hannel yn harddrugs. Surveillearende aginten seagen dat de man wat oan in foarbygonger joech. Omdat de aginten it idee hiene dat it mooglik wolris om drugs gean koe waarden de twa manlju oansprutsen.

De 24-jierrige Ljouwerter liet yn it gesprek in pûdsje falle, mei dêryn nei alle gedachten harddrugs. Dat waard yn beslach naam, en de hanneler is oanhâlden.   

Trefwurden: 
plysje drugs plysjenijs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)