Kosten nij Thialf neirekkenje

30 nov 2012 - 07:05

In ekstern bedriuw moat de jildbedraggen dy't deputearre Konst útlûke wol foar de fernijing fan iisstadion Thialf, nochris trochrekkenje. Dat fynt de fraksje fan Friese Koers yn Provinsjale Steaten. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra giet it om de grutste provinsjale ynvestearing yn de Fryske skiednis. Dan is it net mear as normaal om dêr nochris goed nei te sjen.

Friese Koers wiist ek op in rekkenflater fan de deputearre, dy't earder sei dat de ferbou fan Thialf mooglik wêze soe foar 50 miljoen euro, wylst no bliken docht dat dat op syn minst 73 miljoen kosset. Friese Koers is wol foar in nij Thialf, mar dan moat alles wol goed finansjeel ûnderboud wêze. Neffens fraksjefoarsitter Hiemstra is dat no net sa.

Trefwurden: 
Thialf Friese Koers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)