Hearrenfean draait mei winst

30 nov 2012 - 01:34

Sportklup Hearrenfean sil dit fuotbalseizoen nei ferwachting sa'n 1,5 miljoen euro winst helje. Dat sei foarsitter Robert Veenstra tongersdeitejûn op in gearkomste fan supportersferieniging Feanfan. Neffens Veenstra rinne de sponsorjilden sa'n 1,5 miljoen euro werom, mar is dat foaral it gefolch fan de finansjele krisis en ha alle klups dêr lêst fan. Veenstra ferwachtet ynkoarten de jiersifers te presintearjen en te publisearjen op de eigen webside.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)