Kompjûter as logopedist

29 nov 2012 - 17:35
  • UMCG Grins

De Ljouwerter software-ûntwikkeler Critical Bit makket foar it sikehûs UMCG yn Grins in kompjûterprogramma om minsken nei in beroerte wer praten te learen. No moatte pasjinten by de revalidaasje in hiel soad oefenje mei in logopedist.

De pasjinten kinne dan thús tsjin de kompjûter prate en it programma kontrolearret hoe't it giet. Benammen it betinken fan de spraaktechnology achter it programma is noch ûnderwerp fan ûndersyk by de universiteit fan Grins. De ferwachting is dan ek dat it wol twa jier duorret foardat it programma klear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)