HAVO-top Burgum iepene

HAVO top Burgum
Burgum hat no offisjeel in HAVO-top. It nije gebou is tongersdei troch wethâlder Doeke Fokkema en teamlieder Mieke van den Dolder iepene. Der waarden linten oaninoar knope en it logo waard ûntbleate.
De skoalle is bysûnder omdat de skoallemienskippen Liudger en Singelland hjir gearwurkje. In kristlike en iepenbiere skoalle. Neffens teamlieder Mieke van den Dolder is it wichtichste dat alles oanbean wurde kin op de skoalle dêr't op dit stuit 300 learlingen sitte.