Nije hierwenten Boarnburgum

29 nov 2012 - 16:36

Nettsjinsteande de minne wenningmerk hat wenningboukorporaasje Accolade tongersdei fyftjin nije wenten oplevere yn Boarnburgum. De huzen binne hast allegearre al fersein.

Wenningboukorporaasje Elkien spruts dizze wike noch grutte soargen út oer de sosjale hierwenten yn lytse doarpen. Sy bouwe op guon plakken al gjin nije wenten mear. Toch ynvestearret Accolade noch wol yn lytse doarpen. Mar der wurdt wol ûnderskied makke. Der wurdt allinnich noch ynvestearre yn doarpen mei mear foarsjennings en dêr't as gefolch ek mear ynteresse foar is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)