"22 keapsneinen: goed genôch"

29 nov 2012 - 16:02

Ljouwert kin tenei it bêste 22 keapsneinen yn it jier oanhâlde. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Verenigd Bedrijfsleven Leeuwarden en de gemeente Ljouwert. Dy wolle witte oft de winkeltidewet oanpast wurde moat om mear keapsneinen mooglik te meitsjen.

Yn teory kin Ljouwert neffens it ûndersyksburo 52 keapsneinen yn it jier hâlde. Mar it is neffens de ûndersikers dan de fraach of der wol genoch winkeliers binne dy't meidogge. De gemeente wol de winkeltidewet wol oanpasse, mar dêr moat dan wol genôch draachflak foar wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)