Ungelok troch bôlesmarren

© Omrop Fryslân
It ûngelok mei in frachtwein op de A7 by Terwispel tongersdei, ûntstie trochdat de Hongaarske sjauffeur de kontrôle oer it stjoer kwyt rekke. Dat barde doe't er in stik bôle smarde. De kombinaasje bedarre yn 'e sleat en moast der letter troch in kraan úthelle wurde.
Op de A7 by Terwispel barden op itselde momint op 'e oare baan noch twa ûngelokken. By it earste wiene fiif auto's belutsen, by it twadde twa. Der ûntstie flinke blikskea, de minsken dy't ferwûne rekke wiene, koene troch ambulânsepersoniel op it plak sels holpen wurde.