Oanriding by De Jouwer

By in oanriding mei trije auto's by it ferkearsplein fan De Jouwer binne woansdeitemiddei twa bestjoerders ferwûne rekke.
In 46-jierrige Drachtster dy't út de rjochting fan Snits kaam, seach te let dat it ferkear foar him stil stie. Hy botste op de auto fan in 33-jierrige man út Assen, dy't troch de klap op de auto foar him botste. De Drachtster en de man út Assen moasten beide mei ferwûnings nei it sikehûs ta brocht wurde.