File troch oanriding

29 nov 2012 - 09:05

Op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean stiet tongersdeitemoarn in lange file as gefolch fan twa oanridings ter hichte fan Terwispel. De dyk hat even stremd west, yntusken binne beide rydstroken wer iepen - mar it ferkear stiet noch fêst fan Terwispel oant Drachten.

Earder op 'e moarn kamen twa auto's yn botsing, dêrby rekke ien persoan ferwûne oan de nekke. Yn de drokte om de oanriding hinne ûntstie noch in botsing, dêrby ûntstie allinne materiële skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)