Trein Ljouwert-Grins rydt wer

Spoaroergong © ANP XTRA
It treinferkear tusken Ljouwert en Grins is tongersdeitemoarn yn de rin fan de moarn wer op gong kaam. Troch in oanriding mei in persoan lei it treinferkear tusken beide stêden in skoft stil. Op it trajekt waarden bussen ynset.
De botsing wie tusken de spoarweioergong fan Hurdegaryp en stasjon Camminghabuorren. De persoan is om it libben kaam.