Fryslân yn 'e wetterprizen

28 nov 2012 - 22:02

Twa Fryske winners fan de Wetterynnovaasjepriis, woansdeitejûn yn Amsterdam. Yn de kategory bedriuwen gie de priis nei DMC Systeem. Dat bedriuw makke in avansearre sensortechnology foar de bewaking fan diken. Ek wie der in priis foar in projekt yn Snits, wêrby't ôffalwetter skieden ynsammele en skjinmakke wurdt yn de wyk sels. It giet dêr om 232 nijbouwenten yn de wyk Noarderhoek. De lanlike priis is opset troch de Uny fan Wetterskippen en waard foar it earst útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)