Ajax wer yn Snits

28 nov 2012 - 21:41

Lânskampioen Ajax wie woansdei opnij op besite by de Snitser fuotbalklup ONS. Dit kear net om te fuotbaljen, mar om de jeugd te trainen. Goed 160 bern út Snits en omkriten krigen de hiele middei les fan de jeugdtrainers en in tal spilers fan de Amsterdamske klup. De kidsklup fan Ajax hâldt seis kear yn it jier sa'n trainingsdei op ferskate plakken yn it lân en der wie dit kear foar Snits keazen nei oanlieding fan de bekerwedstryd tusken ONS en Ajax fan 31 oktober lêstlyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)